Provinsje Fryslân jout it measte út: 922 euro de boarger

13 mrt 2015 - 09:49
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje Fryslân jout yn trochsnee it measte jild út per ynwenner: 922 euro de boarger. Dat hat de Volkskrant útsocht yn oanrin nei de provinsjale ferkiezings. En dêrmei giet Fryslân oan kop: nûmer twa Seelân jout 850 euro de ynwenner, goed 70 euro minder. It jild wurdt benammen yn provinsjale diken stutsen. Dat yn kombinaasje mei it relatyf lege ynwennertal fan Fryslân soarget foar it hege bedrach.

It gemiddelde fan alle provinsjes is in stik leger: 370 euro de boarger.

Trouw hat ek ûndersyk dien nei útjeften fan de provinsjes. Dizze krante hat opfrege hoefolle de provinsjes útjouwe oan kampanjes om minsken nei de stimbus te lûken. Fryslân jout dêr 137.500 euro oan út. Dêrmei stiet Fryslân op it fyfde plak yn de list. Grins hat der in ton foar oer, Drinte 87.500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)