Omrop TIP: Jûnpraters mei Johannes Kramer fan de FNP

De rol fan Europa wurdt ûnderskat, fynt FNP-listlûker Johannes Kramer. Hy sei dat tongersdei yn it programma Jûnpraters fan Omrop Fryslân. Kramer makke sels de kar út in lange list mei ûnderwerpen, om wat oer de sitewaasje yn it Easten te sizzen. 'As Poetin syn each op in NAVO-lân falle lit, moat der in ienriedige Europeeske reaksje komme.'
Fierder fertelde Kramer dat er grut wurden is as boeresoan mar nea boer wurde woe, dat er yn de Roomske tsjerke wurk dien hat as misdienaar, dat er radiopresintator wie by Radio Gaasterlân en dat er wat in gaoatysk karakter hat: hy ferjit wol gauris wat, mar nea syn politike idealen, heakke er dêroan ta.
Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.