Sjinkie Knegt giet foar shorttrack medalje op WK

12 mrt 2015 - 20:36
  • Sjinkie Knegt is foar de twadde kear Europeesk kampioen shorttrack

Sjinkie Knegt giet foar in medalje op it wrâldkampioenskip shorttrack yn Moskou. Hy waard alris fyfde en sechsde, dit kear wol hy yn it einklassemint by de bêste trije einigje. Mar de wrâldtitel slút er ek net út. Neffens Knegt is de konkurrinsje lykwols folle grutter as op it Europeesk kampioenskip fan dit jier yn Dordrecht en moat dus alles mei sitte.

Njonken de Rus Viktor Ahn is der de Kanadees Hamelin en moatte wy eins alle Aziatyske shorttrackers ek yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)