Earste ljipaai fan Fryslân fûn op It Amelân

12 mrt 2015 - 18:17

It earste ljipaai fan Fryslân is fûn op It Amelân. It aaike is fûn troch de 25-jierrige Dirk Molenaar fan Buren. Hy fûn it aai tongersdeitemiddei yn in greide tichtby syn wenplak. Molenaar hat de fynst meld by it bûn fan Fryske fûgelwachten. Dêrnei hat er it aai lizze litten, en as bewiis in wol in foto makke.

It bûn wol de fynst net befestigje. Dit hat te krijen mei it ferbod op it aaisykjen dit jier.

Trefwurden: 
greidefûgels ljipaai BFVW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)