Sulveren Skries en titel Meast Duorsume Jonge Boer útrikt

12 mrt 2015 - 18:03

Werkgroep Plas-Dras Puoldyk en De Betonpleats yn Aldemardum hawwe tongersdei De Sulveren Skries en de titel Meast Duorsume Jonge Boer wûn. De Sulveren Skries wurdt alle jierren útrikt oan it bêste agrarysk inisjatyf. De sjuery neamt de Werkgroep in oertsjûgjende winner mei har trijetalige edukaasjeprogramma oer plas- en drasgebieten.

De Betonpleats krige de priis foar de Meast Duorsume Jonge Boer. De sjuery wie benammen te sprekken oer de maatskiplike belutsenheid en it opwekken fan griene stroom. Beide ynstellings krije in jildpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)