Eneco Tour profronde fytst Alvestêderûte

12 mrt 2015 - 17:10
  • Fytsers yn it sintrum fan Boalsert

De wichtichste ronde foar profrenners troch Nederlân en België, de Eneco Tour, komt nei Fryslân. De earste etappe fan de meardaachse koers folget deselde rûte as de alvestêdetocht foar fytsers op pinkstermoandei. De start en finish fan de Enecotour binne op 10 augustus yn Boalsert.

De organisaasje fan de Enecotour wie op syk nei in 'moaie rûte' troch it noarden fan Nederlân. Op advys fan hurdfytsleafhawwer Joop Atsma waard keazen foar de Alvestêderûte. It is yn prinsipe it doel dat de Eneco Tour faker weromkomt nei Fryslân.

De Eneco Tour is fan 10 oant en mei 16 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)