Huzen ynpakke om se enerzjyneutraal te meitsjen

12 mrt 2015 - 15:33
  • Duorsum bouwe

Huzen letterlik ynpakke en enerzjyneutraal meitsje. Dat soe wolris de takomst wêze kinne foar in soad wenten út de jierren '50, '60 en '70 dy't oan in opknapbeurt ta binne en in soad enerzjy ferbrûke. Ferskate boubedriuwen binne der al mei dwaande.

Wenningboukorporaasjes binne ynteressearre, mar hikke noch wol wat tsjin de kosten oan. Mar dat it ynpakken der oan komt liket wol wis. Boubedriuw Dijkstra Draisma út Dokkum is al dwaande mei tariedings foar it searjemjittich ynpakken fan huzen.

De huzen krije dêrby in nije foar- en achtergevel, in nij dak en byneed ek sinnepanielen en in nije badkeamer of keuken. Mei in aparte app kin de eigener of hierder it ûntwerp bepale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)