Frysk popduo Die Twa hâldt op

Die Twa hâldt op. It Fryske duo Krijn en Jacob Dijkstra fynt dat it nei 12 jier moai west hat. Dat ha de manlju tongersdei bekend makke yn radioprogramma 'Geert yn de middei' fan Omrop Fryslân. Die Twa begûn tolve jier ferlyn as bandsje foar feesten en partijen, mar groeide út ta in Fryske popformaasje.
Die Twa skoarde hits as Asto Mar By My Bist, Famke Fan Myn Dreamen en Fûgels. Dy nûmers bedarren ek yn de lanlike Top100. Reden foar de breuk is dat beide manlju ta binne oan in nije útdaging. It wie gjin maklik beslút, sizze se der by.
Ein desimber falt it doek foar Die Twa definityf. Dan jout Die Twa in ôfskiedskonsert. Oant dy tiid wolle Krijn en Jacob noch safolle mooglik optrede. Minsken kinne foar dit jier noch gewoan optredens oanfreegje. Foar de fans binne der dit jier ek noch in oantal aksjes. De details fan dy aksjes wurde letter bekend makke.