Bewenners Top & Twel kritysk oer gasboarrings Vermilion

12 mrt 2015 - 12:01
  • De gasboarynstallaasje by Earnewâld

In grutte mearderheid fan de bewenners fan Toppenhuzen en Twellingea wol hurde garânsjes fan de gemeente Súdwest-Fryslân oer de gaswinning by it doarp. Dat docht bliken út ûndersyk troch Gemeentebelangen. De boarrings troch Vermilion kinne nei alle gedachten net opkeard wurde. De bewenners wolle dat der goeie nulmjittings komme foardat mei boarjen útein set wurdt.

Ek moat der in heldere klachteregeling komme en hurde ôfspraken oer it fergoedzjen fan skea. Gemeentebelangen is sels op de gasboarrings tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)