Suvelkoöperaasje FrieslandCampina makket 93% mear winst

12 mrt 2015 - 10:35

Suvelbedriuw FrieslandCampina is tefreden oer 2014. De omset fan it bedriuw is mei dik 2 prosint groeid oant 11.3 miljard euro. Dat docht bliken út de jiersifers dy't tongersdei presintearre binne. De winst is mei 93 prosint tanommen nei dik 300 miljoen euro. Dat is ek te tankjen oan de maatregels om op kosten te besparjen.

De molkpriis sakke oant 42 sint de liter. Neffens direkteur Cees 't Hart hat it bedriuw in dynamysk jier achter de rêch. Hy ferwachtet dat mei it ferdwinen fan de molkwota de suvelmerk in stik spannender wurde sil.

De winst komt hjirtroch wêr ûnder druk te stean, tinkt de direkteur. Troch ferskate oernames yn Sina, Ivoarkust en Italië hopet it bedriuw ek yn de takomst de konkurrinsje oan te kinnen.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)