Grinslân wol spoar Ljouwert-Bad Nieuweschans elektrifisearje

11 mrt 2015 - 21:07

Partijen yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân wolle it spoar tusken Ljouwert en Bad Nieuweschans sa gau mooglik elektrifisearje. Dat meldt RTV Noord. Arriva rydt yn Fryslân en Grinslân no noch mei diseltreinen en dy ferbrûke op jierbasis sa'n acht miljoen liter.

De brânstof is lykwols stikken djoerder wurden no't it aksynsfoardiel op reade disel ôfskaft is. It elektrifisearjen fan it spoar tusken Ljouwert en Bad Nieuweschans kostet sa'n 100 miljoen euro. Neist it finansjeel foardiel, soe it ek in opstekker wêze foar de wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)