Plestik fetten mei ûnbekende ynhâld dumpt op It Hearrenfean

Plestik fetten mei ûnbekende ynhâld dumpt © Plysje Fryslân, Twitter
De plysje docht ûndersyk nei in partij plestik fetten dy't woansdei dumpt binne oan de Frankrijkdreef op It Hearrenfean. It giet om in stik as tweintich fetten, dêr't in noch ûnbekende ynhâld yn sit. Undûdlik ek noch is oft de saak ferbân hâldt mei de dumpte fetten, in dei earder, op de Poostwei yn Beetstersweach.