Flinke bút nei ynfal yn Ljouwerter 'pandjeshûs'

11 mrt 2015 - 16:24

De plysje hat tiisdei twa Ljouwerters fan 52 en 29 jier oanhâlden en beslach lein op stellen guod. It gie om in kontrôle fan in 'pandjeshûs' op it Noardvliet troch sawol de plysje, gemeente Ljouwert as de Belestingtsjinst. By de plysje wie ynformaasje binnenkaam dat it pandjeshûs stellen guod opkeapje soe. It ynbraakteam fan de plysje koe dat befêstigje.

By kontrôle by it pandjeshûs en in hûs is beslach lein op wapens, in laptop, skuon, jild, parfum en de bedriuwsadministraasje. Ek wie der in soad jild en hie de 52-jierrige eigener drugs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)