CBR yn Ljouwert ferhuzet nei nije lokaasje

© ANP
It eksamensintrum fan it CBR yn Ljouwert sil nei in oar plak. It Centraal Bureau Rijvaardigheid ferhuzet op 30 maart fan de Orionweg nei de Douwe Tammingawei yn Ljouwert. Fan dan ôf wurde de praktykeksamens dêr ek ôflein, lykas rydtesten foar minsken mei in medyske beheining.
Letter komme dêr ek de teory-eksamens by. By dy eksamens wurdt dan gebrûk makke fan in nij systeem, wêrby't de kandidaat yndividueel eksamen docht op in iPad. Op 27 maart wurde de lêste eksamens fan de hjoeddeistige lokaasje ôf ferriden.