Krante wegeret advertinsje Frysk CDA-steatelid

11 mrt 2015 - 15:06

It Reformatorisch Dagblad wegeret in advertinsje te pleatsen fan it Fryske CDA-steatelid Theus Dorrepaal. De tekst fan syn advertinsje 'Als wij elkaar verstaan in arme zondaar en rijke Christus wil dan bij het stemmen ook aan mij denken. Theus Dorrepaal' wie earder al akseptearre.

Neffens de krante past it CDA net goed by de efterban. Dy moat mear socht wurde yn rûnten fan SGP en ChristenUnie. Dorrepaal is bot fernuvere. Hy hat him pleatst as persoan, net as partij. By it Reformatorisch Dagblad wie net ien berikber foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)