Spanning rint op by Rimke fan 'Boer zoekt vrouw'

11 mrt 2015 - 13:06
  • Rimke oan it wurk yn de kapsalon
  • Rimke en har kollega's yn de kapsalon

Yn 'e kapsalon yn Wommels, dêr't Rimke fan 'Boer zoekt vrouw' wurket, rint de spanning hieltyd mear op. Boer Tom hat Rimke úteinlik útkeazen út goed 1.800 froulju dy't dizze populêre boer in brief skreaun hawwe.

Grutte fraach is oft it noch oan is tusken de twa. Mar Rimke mei noch net mei de parse prate, de searje is noch net ôfrûn. Har kollega's binne fierder de iennigen dy't witte hoe't it ôfrinne sil tusken de tulpeboer út Noard-Hollân en Rimke. Se fine it wol lestich om mei dit geheim om te rinnen.

Op 22 maart is de lêste útstjoering fan 'Boer zoek vrouw'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)