FNP wol finansjele stipe foar Omrop Fryslân

10 mrt 2015 - 22:12

De FNP wol dat de provinsje in finansjeel bod docht om de takomst fan Omrop Fryslân feilich te stellen. De partij hat noed oer de plannen fan ROOS foar in noardlik omropkluster. Dat komt it Frysk net te'n goede, tinkt de partij.

Dy fynt dêrom dat Omrop Fryslân in eigen bestjoer en direksje hâlde moat. Om dat te berikken, soe de provinsje in finansjele hantrekken dwaan moatte, seit de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)