Jacobi: "Lit ferkearslieders Waadgebiet kontrolearje"

10 mrt 2015 - 22:09

Lutz Jacobi (PvdA) pleitet der woansdei yn de Twadde Keamer foar om ferkearslieders op fjoertuorren yn it Waadgebiet yn te setten by de kontrôle op hurdfarders. Sy kinne bygelyks radarbylden brûke om oertreders op te spoaren.

Op it stuit is it dreech om minsken dy't te hurd farre te betraapjen. Der moat dan mei in skip patrûilleard wurde en dat is ek nochris hiel djoer. It tal hurdfarders yn it Waadgebiet nimt neffens Jacobi hurd ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)