Miljoen euro stipe foar wrâldprimeur fan Van der Meulen

10 mrt 2015 - 19:29
  • Van der Meulen

Van der Meulen Meesterbakkers út Hallum bringt in wrâldprimeur op de merk: in snack mei de namme 'brood-chipje'. It bedriuw lûkt miljoenen út om it nije produkt fierder te ûntwikkeljen en yn de skappen fan de winkels te krijen. De provinsje stipet it Hallumer bedriuw mei 1 miljoen euro. Dat bedrach komt út it ynvestearringsprogramma 'Wurkje foar Fryslân', in potsje mei 300 miljoen euro oan Nuon-jild.

As it projekt slagget, moat Van der Meulen it jild binnen trije jier werombetelje. As it mislearret hoecht it bedriuw neat werom te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)