Blommekeapman James 'Squarrosa' Bloemendaal ferstoarn

James Squarrosa
Jaap Bloemendaal is ferstoarn. Bloemendaal kaam fan Andijk yn Noard-Hollân en is better bekend ûnder de namme James Squarrosa. Hy brocht jierrenlang op syn eigen karakteristike wize planten en blommen oan de man en wie ek op de merk yn Ljouwert in bekend gesicht, dêr't in soad minsken by stean bleaune.
James Squarrosa is 71 jier wurden. Hy waard moandei te hôf brocht.