Spul tusken Oerol-festival en camping De Kooi op Skylge

10 mrt 2015 - 15:40

Der is spul tusken it Oerol-festival op Skylge en camping De Kooi op it eilân. De camping hâldt op mei it eigen muzykpoadium by Oerol omdat se net mear oan de strange regels fan it festival foldwaan kinne. Dat hat de camping-eigener yn in spesiale fideo-boadskip op ynternet bekend makke. In soad Oerol-gongers litte harren teloarstelling op Facebook witte.

Se fine it spitich dat yn twa jier tiid Oerol twa muzykpoadia kwyt rekket: earst it poadium op it Griene strân en no muzykpoadium De Kooi.

Camping De Kooi - Terschelling | Facebook

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)