Drege VVD-kampanje nei opstappen minister Opstelten

VVD Fryslân is tiisdei gewoan op kampanje op It Hearrenfean. It liket in dei as alle oare, mar dochs geane de Fryske liberalen mei in hiel oar gefoel de strjitte op. Neffens Klaas Kielstra, listlûker fan de VVD yn Fryslân, koe de timing fan it opstappen fan minister Ivo Opstelten en steatssiktaris Fred Teeven net minder.
Opstelten en Teeven makken tiisdeitejûn har ôftreden bekend. Earder dûkte der bewiis op fan de deal dy't jierren lyn sletten waard mei drugskrimineel Cees H. It gie om yn bedrach dat heger wie as de minister earder sei.
Dêrmei hat Opstelten de Twadde Keamer ferkeard ynformearre en koe hy ek neffens himsels net langer oanbliuwe as minister. Steatssiktaris Teeven, dy't de deal doetiids sleat, stapte tagelyk mei Opstelten op. De Fryske liberalen besykje de kampanje fol goeie moed troch te setten troch te hammerjen op de eigen Fryske stânpunten en it wurk fan de partij yn de steaten. Likegoed komt it opstappen fan de minister en steatssiktaris de Fryske VVD bot oer it mad, want nije wike woansdei binne de ferkiezings foar Provinsjale Steaten.