Auto oer de kop op A7 by Beetstersweach

© Sicco Riedstra
By de ôfslach Beetstersweach op de A7 is oan it begjin fan de middei in auto oer de kop slein. Neffens de plysje is de bestjoerder yntusken út de auto en is dy ek oansprekber. Hoe slim oft er ferwûne rekke is, is noch net bekend. Wat de oarsaak fan it ûngelok west hat, is noch net dúdlik.
It ûngelok soarget foar in pear kilometer stadich ridend ferkear.