Opsterlân wol gjin grut azc op De Gordyk

10 mrt 2015 - 12:28

De gemeente Opsterlân wurket net mei oan de komst fan in grut asylsikerssintrum op it terrein fan it eardere kezinefabryk De Vries op De Gordyk. It COA hie de gemeente frege om dêr 600 flechtlingen op te fangen.

It gemeentebestjoer fynt sa'n opfang fierstente folle foar it doarp. De gemeente jout oan dat flechtlingen in goede opfang fertsjinje, mar seit tagelyk dat it doarp te lyts is om in goede opfang foar safolle flechtlingen mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)