Supporters Cambuur wolle gau dúdlikheid oer nije stadion

© ANP
De supportersklup Kern fan Cambuur wol dat der gau dúdlikheid komt oer it nije stadion fan de Ljouwerter fuotbalklup. Neffens it bestjoer fan de supportersklup nimt de ûnrêst ûnder de supporters ta. Dat skriuwt de Kern fan Cambuur yn in iepen brief oan it bestjoer fan de fuotbalklup.
Der wurdt al hiel lang praat oer in nij stadion. Dat soe op it hjoeddeistige plak oan it Cambuurplein komme kinne. In oare mooglikheid is in folslein nij stadion by it WTC Expo. Cambuur sels wol ek graach fierder, mar wachtet op in beslút fan de gemeente.