Skooterrider op stellen skooter oanhâlden

© ANP
In 17-jierrige jonge út Ljouwert is moandeitejûn op it Súdfliet oanhâlden om't er mei drank op op in stellen skooter siet. De jonge en syn passazjier foelen op om't se gjin helm op hiene en de skooter gjin kentekenplaat hie. De skooter is yn beslach naam. De byrider krige in boete foar it riden sûnder helm, de bestjoerder sit fêst foar fierder ûndersyk.