Trio pakt foar stellen hynstetrailer

© ANP XTRA
Yn Wolvegea hat de plysje moandeitemoarn trije manlju oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in hynstetrailer. Op de Jachtwerfstraat seach de plysje in auto mei de trailer riden. De hynstetrailer stie as stellen registrearre. De bestjoerder wie in 48-jierrige man fan Malta. Hy sei dat er de trailer kocht hie fan twa mannen yn Wolvegea. Doe't de plysje by it hûs fan ien fan de ferkeapers kaam, sieten beide mannen fan 24 en 30 jier dêr. Ek trof de plysje jild oan. It trio is meinaam foar ferhoar. De trailer giet nei de eigener werom.