Ljouwert komt mei plan fan oanpak foar probleemgesinnen

10 mrt 2015 - 11:20

De gemeente Ljouwert wol eskalaasjes yn probleemgesinnen foarkomme. Dêrom is in plan fan oanpak betocht dat te ferlykjen is mei de ynset by rampen of brannen. Sa kin bygelyks 'opskaald' wurde, as it út de hân rint yn in gesin.

Problemen binne faak geweld, misbrûk en oerlêst. It plan hyt 'Aanpak ter Voorkoming van Escalatie'. Doel is dat net ien tusken wâl en skip falle mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)