Omrop TIP: Jûnpraters Max Aardema fan de PVV

05 mrt 2015 - 21:00

Provinsjaal PVV-listlûker Max Aardema wol eins de Twadde Keamer wol yn. Dat sei hy yn it programma 'Jûnpraters' by de Omrop. Ek as dy ferkiezings al oer in heal jier wêze soene nei in fal fan it kabinet, is hy beskiber foar Den Haag. Fierder die bliken dat Aardema thús in modelspoorbaan hat, syn eigenwize tekkels mar krekt de baas is en geregeld fleant as para-motor-fleaner. En fansels dat ek hy dreamen foar Fryslân' hat....

Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de provinsjale steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)