Learlingen fan Liudger betinke brânfeilige stâl

10 mrt 2015 - 10:06

Learlingen fan kristlike skoalmienskip Liudger yn Drachten hawwe in brânfeilige stâl makke. Yn opdracht fan de dierebeskerming tochten de learlingen nei oer de brânfeiligens yn stallen en hawwe se in brânfeiligensplan makke. Se tochten nei hoe't in brân gau te ûntdekken falt en makken in flechtplan foar in stâl.

Yn de ôfrûne fiif jier wiene der 410 stâlbrannen, dêr't 1.500 bisten by omkamen. It ferlet oan brânprevinsje is dêrom grut. De learlingen presintearje tongersdei har plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)