Ynsinje foar feteraan Jan Veenstra út Burgum

10 mrt 2015 - 08:42

Jan Veenstra út Burgum krijt tiisdei de 'Draaginsigne Gewonden'. It is in teken fan respekt en tank oan militêren en feteranen dy't ferwûne rekke binne troch har militêre ynset yn it ferline. Veenstra hat yn 1960 útstjoerd west nei Nij Guinea en hat dêr noch altyd lêst fan.

It is de earste kear dat yn de gemeente Tytsjerksteradiel sa'n draachynsinje útrikt wurdt. Neffens âld-foarsitter Henk Moorlag fan de Bond Nederlandse Militaire Oorlogs- en Dienstslachtoffers is it belang fan de ynsinje grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)