De Vries yn Makkum bêste learbedriuw fan Nederlân

© Jeroen van der Meyde
De Vries Scheepsbouw yn Makkum is moandei útroppen ta bêste learbedriuw fan Nederlân. De wedstriid wie útskreaun troch minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis. It Makkumer bedriuw krige de priis om't it in brede maatskiplike ferantwurdlikheid toant.
De Vries hat in eigen opliedingssintrum en wurket gear mei ROC Friese Poort. De skipsbouwer betellet sels de opliedings fan harren stazjêrs en studinten. Nei de oplieding meie de dielnimmers faak ek by De Vries oan de slach as wurknimmer.
De oare nominearden foar it bêste learbedriuw wienen Klink-Nijland GWW út Raalte en Marc Bike Shop út Amsterdam