Sneu ferlies Jong Hearrenfean tsjin Jong Feyenoord/Excelsior

09 mrt 2015 - 21:38

Jong Hearrenfean krige moandeitejûn fier yn de ekstra tiid, de 93e minút, it lid op 'e noas. Doe makke Bart Nieuwkoop foar Jong Feyenoord/Excelsior de twadde en winnende goal. De ploech út Rotterdam fuotballe op Skoatterwâld wat makliker en wie yn de earste helte krekt better. Yn de 33e minút makke Anass Achahbar de 0-1. Pelle van Amersfoort makke foar de Feansters yn de 52e minút de moaie lykmakker. Dêrnei hiene Szabolcs Varga en foaral Tarik Kada foar de thúsploech de striid beslisse kinnen. Dat slagge net, mei in ferlies as gefolch.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)