AFA ûntkent bekladdings by Fryske PVV-ers

09 mrt 2015 - 21:38

De Fryske tak fan de Anti-Fascistische Actie (AFA) ûntkent dat sy wat te krijen hawwe mei de bekladdings fan huzen fan Fryske PVV-ers. Dat skriuwt de Volkskrante. De wurdfierder fan AFA Fryslân seit tsjin de krante dat de fêste kearn fan de klup net ferantwurdlik is foar de bekladdings. Wol seit er net útslute te kinnen dat sympatisanten fan de AFA de fernielings oanrjochte hawwe.

Goed in wike lyn waarden de huzen en auto's fan PVV-ers yn Peazens, Ternaard en Hilaard bekladdere. De aksje is opeaske troch 'it Frykse ferset'.

Trefwurden: 
PVV AFA bekladdings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)