Omrop TIP: Jûnpraters mei Anja Haga fan de ChristenUnie

09 mrt 2015 - 21:17

Anja Haga, listlûker fan de ChristenUnie, wie ferbjustere doe't se troch de Fryske steateleden keazen waard ta bêste steatelid fan Fryslân. In titel dêr't se net op rekkene hie, al docht se har politike wurk foar de steaten wol mei in seker fanatisme.

Haga hat in goede baan yn it medyske sirkwy opsein om har folslein te rjochtsjen op de polityk. Se sjocht it as har opdracht om de kristlike polityk yn de praktyk wier te meitsjen. Dat betsjut foar har ûnder mear dat medyske basissoarch rûnom yn de provinsje beskiber wêze moat.

Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de provinsjale steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)