Freonen fan Omrop Fryslân: "soargen oer de Omrop"

09 mrt 2015 - 19:02

De Stichting Freonen fan Omrop Fryslân makket him grutte soargen oer de takomst fan Omrop Fryslân. De ûnôfhinklike feriening ropt yn in brânbrief de Friezen op om wekker te wurden. Oanlieding fan de soargen binne de plannen fan steatssiktaris Sander Dekker. Dy wol dat de regionale omroppen bot besunigje en gearwurkje sille yn klusters.

De Omrop krijt gjin bysûndere posysje wat de taal oanbelanget. De Freonen fan Omrop Fryslân fine no dat de Friezen en de provinsjale polityk tsjin de plannen yn opstân komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)