SP-listlûker Fenna Feenstra betanket foar debat

09 mrt 2015 - 17:23

Listlûker Fenna Feenstra fan de SP Fryslân docht snein net mei oan in debat oer duorsumheid yn it ramt fan de ferkiezings. It debat hat as doel om duorsumheid by de polityk op de kaart te setten. It wurdt hâlden yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean, dêr't ek de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Ajax is.

Neffens de SP wurdt it evenemint betelle troch kommersjele partijen út de isolaasjebrânzje. By sa'n lobbygearkomste hat de SP neat te sykjen, seit listlûker Feenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)