Skiermûntseach yn aksje tsjin autogebrûk

Skiermûntseach skerpet de rigels foar it gebrûk fan auto's op it eilân oan. It eilân is offisjeel autoluw, mar de gemeente hat de yndruk dat ynwenners hieltyd makliker de auto pakke. De gemeente is benaud dat it toerisme op it eilân hjirtroch skea oprint, want Skier stiet bekend as in rêstich eilân sûnder oerlêst fan autoferkear.
Wethâlder Jan Dijkstra seit dat de kommende tiid in oprop komt yn de blauwe brief, de nijsbrief dy't de eilânbewenners alle wiken krije. Ek sil hy it ynbringe yn de riedsfergadering.