Maatregel tsjin wetterfersmoarging fan boerehiem

09 mrt 2015 - 16:30

Boere-organisaasje LTO en Wetterskip Fryslân ûndertekenje tiisdei in oerienkomst dy't skjinner wetter opsmite moat. It oerflakwetter yn Fryslân is neffens Europeeske regels te smoarch. Dat komt ek omdat der yn Fryslân safolle buorkerijen binne. As it reint, spielt de smoargens fan de boerehiemen sa de feart of it lân yn.

De LTO hat mei it wetterskip ôfpraat dat boeren it hiem sa oanpasse dat de smoargens net yn it miljeu bedarret. Dat dogge se troch it smoarge wetter op te heinen en fuort feilich fuort te lieden.

Yn 2021 moatte alle boeren foldwaan oan de strangere regels dy't fêstlein binne yn de nije oerienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)