Twa ferwûnen by botsing by Ingwierrum

09 mrt 2015 - 15:52

By in botsing tusken twa auto's yn Ingwierrum binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. De auto's botsten troch ûnbekende oarsaak opinoar op de krusing fan de Sylsterwei en de trochgeande dyk troch it doarp, de N358.

Ien fan de slachtoffers kaam troch de klap mei de holle tsjin it rút. De slachtoffers binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)