Wilders wol beskerming PVV-kandidaat-steateleden

Eardere bekladding fan in PVV-hûs © Omrop Fryslân, Geale Groen
PVV-kandidaten foar provinsjale steateferkiezings moatte beskerming krije. Dat wol PVV-lieder Geert Wilders. Hy fynt it net te fernearen dat minsken fan syn partij oeral yn it lân konfrontearre wurde mei oanslaggen en geweld.
Ferline wike waarden huzen en auto's fan trije kandidaat-steateleden yn Fryslân bekladde. Neffens in wurdfierder fan de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligens wurdt de feiligens fan minsken op de kieslisten goed yn de gaten hâlden.