Harns ûntstriidt krityk âldereinbûn ANBO

It stêdhûs fan Harns
De gemeente Harns is wol dwaande mei senioarewenten. Dat seit de gemeente yn reaksje op ûndersyk fan âldereinbûn ANBO. Harns soe hast gjin belied oangeande senioarewenten hawwe, en net yn byld hawwe wêr't ferlet fan is. Der soe ek gjin jild wêze foar oanpassingen lykas trepliften om minsken sa lang mooglik thús wenje te litten.
Harns seit dat de gemeente in wenfyzje hat en dat der jild is foar oanpassings. De gemeente sil boppedat oerlizze mei wenningkorporaasjes om fraach en oanbod op it mêd fan senioarewenten opelkoar ôf te stimmen.