Dyk troch Dearsum oanpakt

It ferkear tusken Snits en Ljouwert moat de kommende moannen by Dearsum rekken hâlde mei in soad oerlêst.
Yn opdracht fan de provinsje krijt Dearsum nije ûntslutingspaden en ynrjochting fan it doarp. Kabels en liedingen sille dêrfoar fan 1 maart ôf ferlein wurde. Om it ferkear wol feilich troch Dearsum te krijen, giet de snelheid fan 1 maart ôf werom nei maksimaal 50 kilometer yn de oere. Op guon dagen is der ek mar ien rydstrook beskikber en sil it ferkear regele wurde mei in stopljocht.
It ferlizzen fan de kabels en liedingen duorret oant juny fan dit jier.