Nije Alvestêdehal yn Ljouwert krijt stadichoan foarm

09 mrt 2015 - 11:31
  • De nije Alvestêdehal yn Ljouwert

De bou fan de Alvestêdehal yn Ljouwert is yn folle gong. Yn de hal draait it om it Alvestêdegefoel. De iishal krijt in 400 meter-baan en in baan foar iishockey, shorttrack en keunstriden.

Op de 400 meter-baan binne oan de iene kant gevels fan typyske huzen yn Fryske stêden te sjen mei dêrop Alvestêdekrúskes. De oare kant op jouwe ruten de reedriders sicht op it Fryske lânskip. It publyk kin yn septimber foar it earst gebrûk meitsje fan de nagelnije iishal.

De âlde Ljouwerter iishal luts hûnderttûzen besikers yn it jier. Om út te kinnen moat de nije iishal hûndertfyftichtûzen besikers lûke. De ferwachtings binne dat dat maklik slagje sil. Mocht der wer in Alvestêdetocht komme, dan is de nije iishal it startplak fan de Tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)