Fryslân hat measte frijwilligers fan Nederlân

Frijwilligers dogge wurk yn de bosk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fryslân hat de measte aktive frijwilligers fan Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Mear as de helte fan de Friezen docht op syn minst ien kear yn it jier frijwilligerswurk. Dan giet it benammen om aktiviteiten foar skoalle of sportferiening.
Yn Oerisel en Utrecht sitte ek in soad frijwilligers. Folle minder goed dogge de Limboargers it. Fan harren docht 44 persint op syn minst ien kear yn it jier frijwilligerswurk.