Sven Kramer foar de sânde kear wrâldkampioen

08 mrt 2015 - 22:03

Sven Kramer is sneintejûn foar de sânde kear yn syn karriêre wrâldkampioen allround wurden. Yn Calgary wûn Kramer de ôfslutende 10 km yn 12.56.70. Mei dy tiid helle er mei gemak de goed sân sekonden yn dy't er achter lei op de Rus Denis Yuskov. Dy ried 13.12.49, goed foar de fiifde tiid.Yuskov waard twadde yn de einstân, de Noar Sverre Lunde Pedersen tredde. Douwe de Vries waard sechsde op de 10 km (13.17.64) en ek sechsde yn it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)