Gjin sechsde wrâldtitel foar Ireen Wüst

08 mrt 2015 - 20:48
  • Ireen Wüst

Foar Ireen Wüst gjin sechsde wrâldtitel allround yn Calgary. De ynwenster fan It Hearrenfean waard achter de Tsjechise Martina Sábliková twadde yn it einklassemint. Foar Sábliková wie it har tredde wrâldtitel. Se wûn de lêste ôfstân, de 5000 meter, yn 6.51.21. Wüst waard tredde yn 7.03.99. Heather Richardson, nei trije ôfstannen noch oan de lieding, makke op de 5000 meter in frije fal. Se ried har earste 5 km yn 7.20.27 en kaam yn de einstân op it fjirde plak. It WK brûns wie foar de Noarse Ida Njatun.

Linda de Vries waard fiifde, Marije Joling sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)