Snits Wyt Swart pakt trije punten by NEC

Koprinner Snits Wyt Swart wûn snein mei 4-3 fan NEC. Yn Nijmegen kamen de Snitsers nei 3 minuten op efterstân. Tjeerd Andringa makke nei in kertier de lykmakker, wêrnei't Kevin Huitema rap dêrnei foar de Snitser foarsprong soarge. Age Hains Boersma sette Snits Wyt Swart mei twa treffers op in 4-1 foarsprong. Op slach fan rêst soarge NEC foar de 4-2 tuskenstân.
Nei rêst kamen de Nijmegenaren op 4-3 en waard it dochs noch efkes spannend. Fierder as trije treffers liet de ploech fan trainer Berry Zandink NEC lykwols net komme.