Iepen hûs by Van Harenshuus yn Sint-Anne

It nije Van Harenshuus yn Sint-Anne hie dit wykein iepen hûs. It tehûs fan soarchgroep Noorderbreedte giet offisjeel ein dizze moanne iepen, mar belangstellenden koene alfêst efkes sjen. It Van Harenshuus biedt aanst plak oan goed fjirtich minsken dy't demintearje. Der binne seis wenten, mei plak foar seis oant acht bewenners.
Troch tal fan rjochtsaken en boustops hat de realisaasje fan it wensoarchkompleks jierren duorre.
De ûnderste en earste ferdjipping sille brûkt wurde foar de soarch. Op de twadde, tredde en fjirde ferdjipping binne sechtjin apparteminten boud.