Akkrumer skûtsje hâldt foarearst PM yn seil

08 mrt 2015 - 15:13

Op de SKS-gearkomste is sneon praat oer it seilteken fan it Akkrumer skûtsje fan Eildert Meeter. De skipper fart mei in eigen famyljeteken, in letterlogo mei de letters PM, en dat past neffens it SKS-bestjoer net by de identiteit fan de SKS.

Ferskate kommisjes binnen de SKS stimden oer it famyljeteken. De útkomst is dat salang't syn soan Pieter Meeter meidocht oan de races it famyljeteken brûkt wurde mei, dêrnei net mear.

Trefwurden: 
SKS seilteken Pierter Meeter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)